Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard
Terpstra & Hut

Nieuwste aflevering
56 afleveringen
- Driuwt ús podcast hielendal rjochting sport en polityk of kinne we der noch wat kultureels fan meitsje?
Arjan trof Gabrielle mei in aaiwytshake by de podcast wylst er sels ek aardich beswit fan syn eigen moarns-rûtine oankaam.
Wy freegje ús ôf oft de skriuwersfakskoalle opdoekt wurde kin en hawwe it oer de films dy't wy seagen.
Hein Jaap Hilarides komt moarn mei in nij boek dy't presintearre wurdt yn Frjentsjer en Arjan dielt in resept foar iiskofje.
Wa wint de Giele Grouwe Riger? Wy betinke alfêst wat aardige plots, wat soe der barre as Facebookboomers weromgean nei de tiid dêr't se sa lyrysk oer binne? - Arjan hier hast in tattoo! en Gabrielle gie nei Pitfest, dêr't it der wyld oan ta gie, hast as by de burenruzie yn Burgum.
Wy steane stil by it ferstjerren fan Lieke Marsman, en Arjan draacht in oerset gedicht fan har foar.
Gabrielle lêst Yesteryear fan Caro Claire Burke en is entûsjast en Arjan fytste nei Boksum om in boek fan Ulbe van Houten te lêzen.
Wa hat de Gjalp wûn en wa de Rely?Hoe dan ek, doch mei oan de Slam!
Gabrielle fertelt oer har boektour yn Dokkum dizze wike. Arjan giet op deselde dei dichtsje mei dûnsers.
It lêste wykein fan juny wurdt drok:
25 juny: Fryske Slam
26 juny: Rink van der Velde.
27 juny: Diele fan it Waad.
28 juny: de boekpresintaasje fan Yeeha.
Muzyk fan Bethlehem en fan Metallica.
Proaza fan Beatriz Serrano - In soad sport en muzyk dizze ôflevering, al begûn it goed mei in gedicht fan Pieter Zijlstra út de nijste Ensafh.
Dêrnei gong it rap oer ús sportprestaasjes, sa fytste Gabrielle de Alvemarretocht en rûn Arjan Loop Ljouwert.
Ek âlde media komme foarby, Gabrielle kocht in soad nije cd's út har eigen tiid en Arjan praat oer syn discman, hokker cd's hy harket en wat foar muzyk hy seach op 5 maaie.
Gabrielle en Arjan stelle harsels de fraach wêr't se mentaal no eins binne en prate ek noch ffkes oer harren kommende boektours en eksposysjes.
It wurdt in bytsje meta as de koptelefoan fan Arjan útfalt en der is ek noch proaza fan Hiroko Oyamada en muzyk fan De Kraaien. - Peaske is foarby, tiid om noch efkes nei te genietsjen mei dizze podcast fol foarjierspoëzij fan ûnder oaren Tryntsje van der Steege en it boek In hazze yn ’e hûs.
Arjan gie sûnder tarieding nei in workshop op it Marne College yn Boalsert en ferlear dêr de bondel fan Tjeerd Bruinja.
Gabrielle gie nei in wetterdiner yn it Woudagemaal en iet dêr hiel bysûnder, mar foar Arjan klinkt it as in nachtmerje.
Wy hawwe it oer moard, deaslach en Havank en seagen ek films. By in besite oan Slieker gie it alarm fan it Frysk Museum ôf. Ek mei in leuk pauzemuzykje fan Mayte en poëzij fan Vasi Birchwood.
Meer Kunst podcasts
Trending Kunst -podcasts
Over Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard
Gabrielle en Arjan begunen harren podcast yn it neijier fan 2021 by Omrop Fryslan. Beiden hawwe in leafde foar de Fryske muzykkultuer, poëzij en films en fertelle hjir graach alles oer.
Njonken dat se sljocht binne op dizze ûnderwerpen meitsje se sels ek gedichten, sa wie Arjan stedsdichter fan Ljouwert en is hy no Walddichter fan de gemeente Achtkarspelen en wie Gabrielle festivaldichter op it zingevingsfestival en is se oprjochter en dichter by Pauper Poezie.
Om 't Gabrielle en Arjan wurkje fanut harsels fine se it ek nijsgjirrich om sa de podcast te foljen, fanut eigen underfining prate se oer de kultuer dy 't se dy wike meikrigen hawwe en om de belibbing te fersterkjen komt der in gast koart fertellen oer syn optreden / boek / gedicht of film. Sa meitsje se de ranekultuer, lykas de metalscene, yn Fryslan mear sichtber en tagonkliker.
De podcast is easy-listening, as sitst mei dyn kulturele freonen yn de kroech en falt der in soad te laitsjen, omdat Gabrielle en Arjan ek fertelle oer har eigen libben, har swierrichheden en harren flaters. De podcast hat in skoft op skoft stien mar is fan no of wer om de wike te beharkjen fia Spotify en Apple podcasts
Podcast websiteLuister naar Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard, Met Groenteman in de kast en vele andere podcasts van over de hele wereld met de radio.net-app

Ontvang de gratis radio.net app
- Zenders en podcasts om te bookmarken
- Streamen via Wi-Fi of Bluetooth
- Ondersteunt Carplay & Android Auto
- Veel andere app-functies
Ontvang de gratis radio.net app
- Zenders en podcasts om te bookmarken
- Streamen via Wi-Fi of Bluetooth
- Ondersteunt Carplay & Android Auto
- Veel andere app-functies


Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard
Scan de code,
download de app,
luisteren.
download de app,
luisteren.



























