Powered by RND
PodcastsKunstBoekekast

Boekekast

Omrop Fryslân
Boekekast
Nieuwste aflevering

Beschikbare afleveringen

5 van 32
  • 2022-8 Anita Terpstra, 'Het Feest'
    Hij trok haar mee. Het leek wel of iedereen een tomeloze energie bezat, want zelfs na uren dansen leek het nog drukker op het stuk gras dat dienstdeed als dansvloer. Zweet en drank vlogen in het rond. Er werd gesprongen, gejoeld en geschreeuwd. De stemming was uitgelaten. 'Iedereen danst alsof zijn leven er vanaf hangt,' schreeuwde Birdie in Red's oor. 'Dat is ook zo!' 'Wat?' Niet-begrijpend keek ze hem aan. Yn 'Het Feest', in ferhaal fan Anita Terpstra, komt Birdie op in heimsinnich feest terjochte. Elk wol der foar útnûge wurde, mar net elkenien komt der ek wer wei. It ferhaal wurdt foarlêzen troch Marjolein Ley. Dit is it lêste diel fan it seizoen Boekekast 2022. Dit jier slút Boekekast oan by it projekt Utsteld Gelok/Uitgesteld Geluk fan Ljouwert UNESCO City of Literature. 100 ferhalen, foarlêzen yn 100 paradyslike tunen yn Fryslân. Yn Boekekast acht ferhalen, mei in ynterview fan Karen Bies mei de skriuwer.
    --------  
    27:24
  • 2022-7 Koos Tiemersma, 'Fan bosk en iepen fjild'
    Lykas de rûzjende beek yn 'e djipte meänderet de werklikheid achter harren oan, it oantinken oan wat west hat, fongen yn it ljocht fan in sinne dy't sûnt jier en dei smoart yn it wolketek dat de ierde omklammet, in beroete each, dat de trije flechtlingen kinne amper sjen wêr't se har fuotten delsette moatte. Yn it ferhaal 'Fan bosk en iepen fjild' folget skriuwer Koos Tiemersma trije klimaatflechtlingen op har paad nei... ja, wêrhinne? Is der noch hoop? Ien fan harren, Tiede, fertelt ferhalen, wittend dat sûnder foarútsjoch de minske ferlern wêze sil. In fertelling as tsjingif. It ferhaal is foarlêzen troch Sjoerd Bottema. Boekekast wurdt makke troch Karen Bies yn oparbeidzjen mei it projekt 'Uitgesteld Geluk' fan Ljouwert UNESCO City of Literature.
    --------  
    29:39
  • 2022-6 Nyk de Vries, 'Sille wy in spultsje dwaan?'
    It gebeurde wol faker, dat ik te lang mei wat trochgie. 'Sille wy in spultsje dwaan,' hie ien sein, healweis dy sneintemiddei, yn dy lytse studintikoaze keamer oan de Fiskmerk. 'Wa't it langst stil wêze kin.' It doel wie fansels om de bern kalm te krijen, dy't mar omtjirgen en al twa glêzen omgoaid hienen. It begjint mei in spultsje. Mar de ik-persoan út it ferhaal fan Nyk de Vries, in jonge frou, giet troch, bliuwt swijen, jierrenlang. 'Sille wy in spultsje dwaan?' wurdt yn Boekekast foarlêzen troch Nynke Heeg. De podcast Boekekast slút yn 2022 oan by Útsteld Gelok/Uitgesteld Geluk fan Ljouwert UNESCO City of Literature. 100 ferhalen, foarlêzen yn 100 paradyslike tunen yn Fryslân. Acht fan dy ferhalen binne te hearren yn Boekekast, mei dêrby in ynterview fan Karen Bies mei de skriuwer.
    --------  
    24:53
  • 2022-5 Welmoed Wijma, Rozijnenbrood met brandnetelkaas'
    De geheime etenswaren in mijn la leken een warm licht af te geven. Als ik 's avonds in het donker in slaap probeerde te komen, ingesnoerd door veel te strak gespannen lakens, dacht ik aan het rozijnenbrood en de brandnetelkaas. Was dit misschien wat Adam en Eva ervoeren, nadat ze hadden gegeten van de verboden vrucht? Werden ze verdreven uit het paradijs of voelden ze zich er niet meer thuis nu ze onderscheid konden maken tussen goed en kwaad? Yn it ferhaal 'Rozijnenbrood met brandnetelkaas' beskriuwt Welmoed Wijma hoe't sy foar de earste kear lokkich wurdt fan it priuwen fan hearlik iten. It is de wûnderlike smaak fan in oare, nije wrâld. It ferhaal wurdt foarlêzen troch Suzanne van Zwam. Boekekast fan 2022 slút oan by it projekt Utsteld Gelok/Uitgesteld Geluk fan Ljouwert UNESCO City of Literature. 100 ferhalen, foarlêzen yn 100 paradyslike tunen yn Fryslân. Yn Boekekast 8 fan dy ferhalen, mei in ynterview fan Karen Bies mei de skriuwer.
    --------  
    22:02
  • 2022-4 Sietse de Vries, 'Parkeare yn it paradys'
    Patrick joech him op 'e leuning fan de túnbank del en sei: 'As ik it goed begrepen ha, is it oan ús om út te finen wat der noch oan dit rikeljusplak ûntbrekt om der in paradys fan te meitsjen. En dêr binne wy folslein eigen baas yn.' Ik knikte. 'Dat is wêr't it yn dit eksperimint om giet: sjen hoe moai de wrâld wurdt as seis jonge minsken dy nei eigen goedtinken ynrjochtsje.' Sietse de Vries skreau it koarte ferhaal 'Parkeare yn it paradys', oer in groep jongeren dy't de baas wurdt fan in grutte filla mei tún, kas en beamtegrien. It ferhaal wurdt foarlêzen troch Sjoerd van Beem. Boekekast fan 2022 slút oan by it projekt Utsteld Gelok/Uitgesteld Geluk fan Ljouwert UNESCO City of Literature. 100 ferhalen, foarlêzen yn 100 paradyslike tunen yn Fryslân. Yn Boekekast 8 ferhalen, mei dêrby in ynterview fan Karen Bies mei de skriuwer.
    --------  
    26:13

Meer Kunst podcasts

Over Boekekast

Boekekast fan 2022 slút oan by it projekt Útsteld Gelok/Uitgesteld Geluk fan Ljouwert UNESCO City of Literature. Dat binne 100 ferhalen, foarlêzen yn 100 paradyslike tunen yn Fryslân. Boekekast bringt acht ferhalen as podcast, mei dêrby in ynterview fan Karen Bies mei de skriuwer. Sjoch ek op www.uitgesteldgeluk.nl
Podcast website

Luister naar Boekekast, Fashion Neurosis with Bella Freud en vele andere podcasts van over de hele wereld met de radio.net-app

Ontvang de gratis radio.net app

  • Zenders en podcasts om te bookmarken
  • Streamen via Wi-Fi of Bluetooth
  • Ondersteunt Carplay & Android Auto
  • Veel andere app-functies

Boekekast: Podcasts in familie

  • Podcast Fryske ASMR
    Fryske ASMR
    Wetenschap, Natuurkunde
  • Podcast Sicco, de verdwenen marechaussee
    Sicco, de verdwenen marechaussee
    Waargebeurde misdaad
  • Podcast De heks van Anjum
    De heks van Anjum
    Waargebeurde misdaad
Social
v7.23.7 | © 2007-2025 radio.de GmbH
Generated: 9/10/2025 - 5:49:33 PM